Weriepening eksposysje ‘Wy kinne der noch wol ien by ha’ – Frysk artikel

Tresoar

Soe ik myn bern oan in frjemde mei jaan? Soe ik mei gefaar foar eigen libben in bern opnimme yn myn húshâlding? Mei dizze dilemma’s waarden Joadske famyljes en Fryske pleechâlden konfrontearre yn de Twadde Wrâldkriich. Yn de besettingstiid waarden hûnderten Joadske bern nei Fryslân smokkele om ûnder te dûken. Yn de digitale útstalling ‘Wy kinne der noch wol ien by ha’, dy’t fan 15 april ôf te sjen is op de webside fan Tresoar, wurde de ferhalen fan achttjin fan dizze bern en har Fryske helpers ferteld. Ek fertelt smokkelbern Fred van Vliet yn in nije podcast syn ymposante ferhaal.

Ferline jier wie it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard, in jubileumjier dat wiidweidich fierd wurde soe. It koroanafirus smiet spitigernôch de boel yn ‘e bulten. Tresoar moast ek earder de doarren slute, dêrtroch hat de fysike útstalling ‘Wy kinne der noch wol ien by ha’ mar koart te sjen west. Fan 15 april 2021 ôf, 75+1 jier nei de befrijing fan Fryslân, wol Tresoar mei de digitale útstalling ‘Wy kinne der noch wol ien by ha’ de minsken noch in kâns biede om de útstalling te besjen. Yn dizze útstalling rinst troch in firtuele romte dêr’tst op de portretfoto’s fan de smokkelbern klikke kinst om harren ferhalen te lêzen en do kinst in bysûndere podcast belústerje.

Yn de podcast, in nij ûnderdiel fan de útstalling, fertelt Fred van Vliet syn ferhaal. Fred van Vliet waard yn 1942 yn Amsterdam berne. Syn mem naam it hertferskuorrende mar libbens rêdende beslút om Fred ûnderdûke te litten. As lytse poppe waard hy troch de dappere fersetsheldin Iet van Dijk nei Fryslân smokkele en ûnderbrocht by Marten en Helene van Vliet, yn Snits. Yn de podcast, makke troch Mijn Oerverhaal, fertelt Fred van Vliet mear oer de reis dy’t hy makke en de impact dêrfan op syn lettere libben.

De útstalling is ûnderdiel fan it projekt ‘De terugkeer van de Joodse Kinderen’. It projekt is in gearwurking fan Tresoar mei Stichting Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad.

Lees ook:
Openluchtexpositie over Joodse onderduikkinderen in Friesland geopend

Op verschillende plekken in Friesland is in de komende twee maanden een aantal levensgrote portretten van Joodse onderduikkinderen te zien. De kinderfoto’s staan op veertien verschillende locaties waar de kinderen ooit in de Tweede Wereldoorlog zaten ondergedoken. De openluchttentoonstelling Wy koenen der noch wol ien by ha (Bij ons kon er nog wel eentje bij) is in Sneek geopend.

Categorie: |

Home » Nieuws » Weriepening eksposysje ‘Wy kinne der noch wol ien by ha’ – Frysk artikel